Harnzer rydt Frjentsjerter oan

17 nov 2012 - 11:54

In fuotgonger (55) út Frentsjer is freedtejûn op de Ryksstrjitwei by Sweins ferwûne rekke by in ûngelok. Hy waard oanriden troch in scooterrider (24) út Harns. Neffens de Harnzer stuts de Frjentsjerter ûnferwachts oer en koe hy him net ûntwike. Beiden foelen op de grûn.

De fuotgonger moast nei it sikehûs. De scooterrider is op de earste help oan lichte ferwûnings behannele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)