Harnzer rederij groeit

23 feb 2004 - 00:00

Rederij JR Shipping yn Harns wreidet syn float tige hurd út. Yn gearwurking mei Volharding Shipyard hat de rederij krekt seis nije kontenerskippen yn de faart nommen. No prate beide partijen al wer oer de produksje fan fjouwer noch gruttere kontainerskippen.

Dêrneist hat JR Shipping ek yn Dútslân twa oarders pleatst. Dêr wurde twa kontenerskippen makke dy't elk achttjin miljoen euro kostje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)