Harnzer ramt parkearde auto oan Heiligewei yn Harns

31 jan 2015 - 15:50

In 40-jierrige man út Harns is freedtenacht oanhâlden foar it feroarsaakjen fan in oanriding. De man soe in auto ramd hawwe dy't oan de Heiligewei parkeard stie. In tsjûge belle de plysje en koe in goede beskriuwing jaan fan de auto dêr't de fertochte yn ried. Dy auto stie in eintsje fierderop parkeard.

De man koe flak dêrnei oanhâlden wurde, hy wie nei alle gedachten ûnder ynfloed fan alkohol. Hy is nei it plysjeburo brocht en ynsletten foar ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)