Harnzer platanen snoeid

26 mrt 2007 - 10:51
  • Grutte tûkebosken op de Foarstrjitte

Oan de Foarstrjitte yn Harns wurdt moandei in hiele rige âlde platanen snoeid. Winkeliers ha dêr om frege om't de tûken tsjin de ruten fan de winkels oan slaan. Ek reitsje de dakgoaten hiel gau fol mei blêden.

Omdat de gemeente de 100-jier âlde platanen sels net snoeie kin, is der in spesjaal bedriuw ynskeakele. Dêrby wurdt ek sjoen nei de kondysje fan de beammen, omdat oer in skoft de hiele Foarstrjitte op de skep giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)