Harnzer oppakt nei ynbraak

10 nov 2012 - 13:45
  • Ynbraak

By in ynbraak yn Harns hat de plysje freedtenacht in Harnzer (19) oanhâlden. Hy stie nei alle gedachten op de útkyk wylst syn maten oan it ynbrekken wienen op de Oude Trekweg.

Plysjeminsken hearden glêsgerinkel. Doe't se op syk giene seagen se in ljedder tsjin in sydmuorre stean. Der wie in sliepkeamerrút iepenbrutsen, de ynbrekkers wiene al útnaaid. De Harnzer waard even fierderop oanhâlden omdat er nei alle gedachten de ynbrekkers warskôge hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)