Harnzer oppakt foar fernieling

14 sep 2008 - 12:52

In 25-jierrige ynwenner fan Harns is sneontejûn yn syn wenplak oppakt foar fandalisme. De man soe tegearre mei in maat de ruten fan in gebou oan de Noarderhaven ynsmiten ha.

In tsjûge hie it sjoen en warskôge de plysje. Dy hat de Harnzer yn ien fan de kroegen yn de stêd oanhâlden. De twadde fertochte is bekend en mei him ferantwurdzje op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)