Harnzer op Foarstrjitte oppakt foar wapenbesit

08 maaie 2015 - 14:23

In 24-jierrige Harnzer is tongersdeitejûn oanhâlden foar wapenbesit. De man hie in honkbalkneppel, in mes en in laserpen yn syn auto lizzen. Hy foel op doe't er op de Foarstrjitte flink gas joech en in soad lûd makke.

Boppedat kaam der in sterke himpgeur út de auto. De plysje sette de Harnzer dêrom oan de kant. Tsjin de Harnzer is proses-ferbaal opmakke. De wapens en de laserpen binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)