Harnzer oanhâlden nei fernielings

16 jan 2015 - 14:30
  • Oanhâlding

In 46-jierrige man út Harns is tongersdeitenacht oanhâlden yn syn wenning op fertinking fan fernielings. De plysje waard warskôge troch in 45-jierrige man en in 40-jierrige frou, ek út Harns. De fertochte soe in rút fernield hawwe fan har hûs oan de Klipperstrjitte. Der soenen al earder problemen west ha tusken it trijetal. Doe't plysjeminsken op besite gongen by de 46-jierrige fertochte, liet er in alarmpistoal sjen. De man is meinaam nei it buro. It alarmpistoal is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)