Harnzer oanhâlden mei drugs yn Griene Stjer

03 mrt 2015 - 10:10
  • GHB

De plysje hat tiisdeitemoarn betiid op in parkearterrein yn de Griene Stjer by Ljouwert in autorider (27) út Harns oppakt foar drugsbesit. De man lei yn syn auto te sliepen, wylst de motor noch draaide.

It wie in toer foar de plyse om de Harnzer wekker te meitsjen. Yn de auto fûn de plysje in fleske mei nei alle gedachten GHB, in pûdsje mei wyt poeier en in ynjeksjenulle. De Harnzer waard, doe't er lang om let wekker waard, oanhâlden foar drugsbesit en oerbrocht nei it plysjeburo. De man is ynsletten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)