Harnzer oanhâlden foar bedriging

01 apr 2006 - 14:42

De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon in 35-jierrige ynwenner fan Harns oanholden foar bedriging. De man hie meardere kearen drige dat er in hoarekasaak yn it sintrum fan Harns yn 'e brân stekke soe. Hy hope dat de eksploitant dêrby om it libben komme soe, sa hie er roppen.

De plysje koe de fertochte foar de hoarekasaak oanhâlde. Hy sit noch fêst. De man wie earder yn de nacht út de saak set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)