Harnzer nei ûngelok ferstoarn

07 okt 2011 - 09:52
  • Foto: Jaring Rispens (www.stjoerder.nl)

In 36-jierrige Harnzer is ferstoarn oan de gefolgen fan de ferwûnings dy't er oprûn by in ûngelok ûnder Hichtum op de Westergoawei op tongersdei. It slachtoffer joech op de krusing mei de Wibrandaweg nei alle gedachten gjin foarrang oan in frachtwein. Dy rekke de persoane-auto fan de man fol yn de flank.

De Harnzer is nei it sikehûs fan Snits brocht en dêr ferstoarn. De plysje docht noch ûndersyk nei it ûngelok.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)