Harnzer moardfertochte frij

24 maaie 2013 - 14:38
  • It hús dêr't de deade man fûn waard oan de Nieuwenhuisstrjitte yn Harns

De plysje hat ien fan de fertochten fan de moard op de 34-jierrige Harnzer frijlitten. It giet om in man út Harns (49). De man is gjin fertochte mear yn de saak. De twa oare fertochten, in frou út Makkum (56) en in Harnzer (36), bliuwe noch 14 dagen fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris freed bepaald.

De twa fertochten sitte yn beheining, wat ynhâldt dat se allinnich mei harren advokaat kontakt ha meie. De fertochten waarden moandei oanhâlden, nei't de Harnzer dea yn syn wenning oan de Domela Nieuwenhuisstrjitte fûn waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)