Harnzer man oppakt foar mislediging

18 sep 2015 - 09:54

In 45-jierrige ynwenner fan Harns, is tongersdeitemiddei oanhâlden foar mislediging, mishanneling, smaad en rabberij. De fertochte wie de ôfrûne tiid tige aktyf op social media. Sa sette hy ferskate berjochten en filmkes online. In protte hjirfan stiene fol misledigings, dy't sawol online as offline in protte reaksjes opsmiten.

Sa waard it yn de strjitte fan de fertochte hieltyd faker ûnrêstich. Sa waarden de ruten fan de man ynsmiten. De fertochte is meardere kearen troch de plysje oansprutsen op syn gedrach, mar hy woe net harkje.

Doe't it derop like dat de situaasje eskalearje soe, hat de plysje yngrepen. De man is oerbrocht nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)