Harnzer keunstner nominearre foar ynternasjonale priis

11 sep 2015 - 14:57

Keunstner Sytse Jansma fan Harns is nominearre foar in priis fan it Amerikaanske Rabit Heart Poetry Film Festival. Dit is in poëzijfestival yn Worchester dat him rjochtet op ferfilme gedichten.

Jansma is nominearre yn de kategory koarte film mei syn fideo 'fallussimmernachten'. Hy makket kâns op hûndert dollar. It festival fynt plak op 11 oktober.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)