Harnzer hinderet ûndersyk

27 aug 2014 - 11:04

De plysje hat tiisdeitenacht in 23-jierrige Harnzer oanhâlden om't er hindere by ûndersyk. Hy woe net dat syn auto ûndersocht waard. Earder hienen surveillearjende plysjes in automobilist op de A7 by Wûns in stopteken jûn om't de auto brûkt wie by ynbraken. By it ûndersyk trof de plysje in kistje oan dêr't sieraden yn sitten hienen. Mooglik wie it bútmakke by in ynbraak. De auto is yn beslach naam en de fertochte is foar neier ûndersyk meinaam nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)