Harnzer haven buorket goed

20 mrt 2008 - 12:31

De haven fan Harns hat yn 2007 mear guod oerslein as yn 2006. Harns ferwurke ferline jier 3300.000 ton guod, dat is 7,5 prosint mear as yn 2006. De positive sifers binne ta te skriuwen oan de binnenfeart, want de oanfier troch seeskippen sakke.

Foar dit jier ferwachtet de haven fan Harns benammen mear konteners mei guod. Dat komt ûnder oaren omdat der in kontenerlijntsjinst nei Letlân komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)