Harnzer fertocht fan ynbraken

03 maaie 2013 - 12:11
  • Ynbraak

De plysje fertinkt in jonge (18) út Harns fan belutsenheid by 31 ynbraken yn de provinsjes Grinslân en Drinte. De jonge soe mei trije ynwenners fan Grins en ien fan Veendam sûnt desimber ynbrutsen hawwe yn wenhuzen. Dêrby waarden ûnder oare foto-apparatuer, sulver, mobile telefoans en klean stellen.

De plysje kaam de fertochten op it spoar troch de fynst fan DNA-materiaal. Neist de ynbraken soene de fiif ek foar op syn minst foar 70.000 euro oan skea oan de huzen feroarsake hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)