Harnzer fertocht fan drugshannel

07 maaie 2005 - 12:59

In Harnzer (40) hat freedtemoarn foar de rjochtbank yn Amsterdam beswier makke tsjin útlevering oan Frankryk. Mei trije oare mannen wurdt er fertocht fan grutskalige drugshannel.

De Frânske justysje kaam him op it spoar nei't in frachtweinsjauffeur mei in frachtwein fol drugs trappearre waard yn Frankryk. De sjauffeur seit dat de Harnzer lieding jout oan in drugsbinde. De rjochter docht oer in wike útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)