Harnzer botst op betonblokken

22 nov 2008 - 13:24

In dronken Harnzer hat freed in auto stellen yn Westergeast en is dermei op in rychje betonblokken botst. De auto waard stellen op in kamping oan de Eelke Meindertswei. Underweis dêrhinne waard de plysje oanhâlden troch in foarbygonger dy't fertelde dat er in dronken automobilist op in rige betonblokken botsen sjoen hie.

De plysje fûn de auto op de Trekwei en seach de dief fuortrinnen. De 29-jierrige Harnzer hie fierstente folle dronken. Hy hie gjin rydbewiis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)