Harnzer Bolt mooglik gau frij

16 maaie 2008 - 21:55
  • Bolt kin mooglik al gau frij komme.

Justysje yn Bordeaux hat freedtejûn sân jier sel en in ton boete easke tsjin Klaas Jan Bolt út Harns.

De frachtweinsjauffeur wurdt fertocht fan drugshannel. Bolt soe diel útmeitsje fan in Nederlânske binde dy't fanút Spanje drugs smokkele nei Nederlân. Tsjin de oare fertochten yn de saak binne folle hegere straffen easke. Neffens it Frânske Iepenbier Ministearje is de Harnzer sjauffeur dan ek net de spil fan de drugsbinde. Bolt kin mooglik al gau frij komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)