Harnzer betrape mei 4 kilo iel

04 aug 2011 - 11:11

De plysje hat in ynwenner fan Harns betrape op yllegaal fiskjen. De 65-jierrige man hie in amer mei fjouwer kilo iel yn 'e auto doe't er kontrolearre waard op 'e Zuiderhaven yn syn wenplak. Ek hie er ark om te fiskjen by him, lykas angels en skepnetten. Dat is troch de plysje yn beslach naam, krekt as syn fiskpas.

De man hat in proses-ferbaal krigen. De iel is weromset yn de Zuiderhaven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)