Harnzer bellet 112 withoefaak

30 des 2013 - 10:49

De 47-jierrige man út Harns dy't op earste krystdei mear as 200 kear nei it alarmnûmer 1-1-2 belle, is sneintenacht op 'e nij oanhâlden foar it ûnnedich beljen nei de meldkeamer. Hy belle wer tsientallen kearen mei 1-1-2 en bedrige boppedat sintralisten út Drachten en Driebergen mei de dea. De plysje trof de man oan yn de binnenstêd fan Harns. Hy wie yn de war en sit fêst op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)