Harnzer basisskoalle ferkocht

26 jan 2009 - 12:08

It gebou fan ´e eardere Prins Constantijn Christof-basisskoalle yn Harns is ferkocht oan in fêstguodhanneler út dat plak. Dat hat de gemeente Harns, de eardere eigner fan it monumintale gebou bekendmakke.

De nije eigner fan it skoalgebou is dwaande mei it meitsjen fan plannen. Der is romte foar de festiging fan in fysioterapy- of dokterspraktyk. De boppeferdjipping sil in wenfunksje krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)