Harnzer Angels foar rjochter

13 jan 2007 - 08:17

De rjochtbank yn Ljouwert behannelt kommende tiisdei it fersyk fan it Iepenbier Ministearje om de Hells Angels yn Harns te ferbieden. It giet om de earste fan seis sittings tsjin de organisaasje. By elke sitting wurde oare ôfdielings behannele.

Neffens it Iepenbier Ministearje binne de aktiviteiten fan de Hells Angels yn striid mei de iepenbiere oarder. It giet dan net om ynsidinten, mar om in rige fan kriminele aktiviteiten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)