Harnser skip fersmoarget strân

15 jan 2008 - 22:29

In Ingelske miljeugroep beskuldiget de Harnser bedriuwen Endeavor Shipping en JR Shipping fan miljeufersmoarging. Op strânnen yn Cornwall binne plestik pûdsjes mei medyske floeistoffen oanspield.

De aksjegroep Surfers Against Sewage seit dat it Harnser skip Endeavor dy ferlern hat doe't der containers oer board slein binne. Aksjefierders wolle in diel fan de fersmoarging persoanlik ôfleverje by de rederijen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)