Harnser haven groeit licht

30 jan 2006 - 17:04

De oerslach yn de Harnser haven is yn 2005 lichtjes groeid. Ferline jier kaam der 1,35% by en gie de oerslach fan 2,6 miljoen nei 2,7 miljoen ton. Yn 2004 wie de groei lykwols noch alve persint.

De groei kaam foaral troch grutte seeskippen. Dêr kamen der minder fan yn Harns, mar mei mear lading. By binnenskippen wie it krekt oarsom. Der leine mear binnenskippen oan, mar de lading dy't se ferfierden wie lytser.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)