Harns:Demonstraasje tsjin sâlt

20 sep 2014 - 12:38
  • De klimaatdemonstranten foar it stedhûs fan Harns

Foar it stedhûs yn Harns wurdt sneontemiddei in demonstraasje hâlden tsjin de sâltwinning ûnder de Waadsee. It protest makket diel út fan in searje fan klimaatmanifestaasjes oer de hiele wrâld. De aksje is bedoeld om de druk op de wrâldlieders op te fieren foar de klimaatkonferinsje dy't snein yn New York begjint. Fan alle lokale inisjativen wurdt in filmke of foto makke. Dy wurde by de top op in grut skerm fertoand.

Oare projekten binne ûnder oare de klimaatmarsen yn Dokkum en Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)