Harns yn teken fan Pavillon d'Or

26 jun 2003 - 00:00

Harns stiet fan tongersdei ôf yn it teken fan de Pavillon d'Or, in jierliks ynternasjonaal jachtevenemint. Dit jier docht in rekordtal fan 182 jachten mei. Fjirtich jier lyn wie de Pavillon d'Or noch in grutte jachtwedstriid, mar stadichoan is it mear in gesellige byienkomst wurden.

De Harnzer grêftegordel liket no in jachtegordel. De boaten lizze fjouwer rigen dik parkeard. De wille stiet by de measte dielnimmers foarop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)