Harns yn petear oer opfang fan hûnderten nije flechtlingen

04 jan 2016 - 22:32
  • Boargemaster Sluiter fan Harns by de nijjierstaspraak

De gemeente Harns wol foar de simmer noch 300 oant 400 nije flechtlingen opfange. Dat hat boargemaster Roel Sluiter sein nei ôfrin fan syn nijjierstaspraak. Hy sil dizze wike noch yn petear mei it COA om te sjen wat de mooglikheden binne.

Sluiter wol net foarútrinne op in mooglike lokaasje foar de opfang. "Earst mar ris sjen oft it COA hjir ek foar iepen stiet". De krisisneedopfang fan it ôfrûne jier is it meast yndrukwekkende dat Sluiter oant no ta meimakke hat yn Harns.

Fanwege de ellende fan de minsken dy't dêr telâne kamen, mar ek omdat minsken fan de gemeente yn koarte tiid wat op poaten sette moasten dat se noch nea earder dien hiene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)