Harns wol ynformaasjebyienkomst oer útstjit REC

13 jan 2016 - 22:29
  • REC ôffaloven

Der komt ein jannewaris in ynformaasjebyienkomst foar steateleden en riedsleden fan Harns oer de ôffaloven fan Harns. Dat sei wethâlder Harry Boon tongersdei yn de riedskommisje fan Harns. De wethâlder lei dêr in ferklearring ôf oer de útstjit fan de REC en oer útlittings fan de begeliedingskommisje luchtkwaliteit. Dy kommisje hâldt tafersjoch op mjitgegevens.

Johan Vollenbroek fan dy kommisje fynt dat de piip fan de REC heger wurde moat. Sa wurdt de útstjit oer in grutter gebiet ferspraat. Wethâlder Boon wol dêr foarearst noch net oan.

Neffens Vollenbroek fan de begeliedingskommisje hat bliken dien dat ûnder oare sâltsoer en wetterstoffluoride op it bedriuweterrein delslein is. Dat smyt gefaar op foar omwenners en minsken dy't der wurkje. Wethâlder Boon wol dat earst goed ûndersocht wurdt wat der krekt de loft yngiet. "Meten is weten", sei de wethâlder woansdei. "Pas as we alle gegevens hawwe, kinne we goeie konklúzjes lûke en goeie maatregels nimme." Watfoar maatregels dat dan wêze moatte, dêr wol de wethâlder net op foarút rinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)