Harns wol weryndiele

27 sep 2011 - 15:32

It kolleezje fan B&W fan Harns hat him tiisdei útsprutsen foar in gemeentlike weryndieling. Neffens it kolleezje kin de gemeente troch in fúzje syn taken goed útfiere. De Commissie van Wijzen sei fan 't maitiid yn syn rapport al dat oan weryndieling yn Fryslân eins net te ûntkommen is.

Neffens de kommisje kin Harns it bêste fusearje mei Frjentsjerteradiel, it Bilt, Menameradiel en Littenseradiel. It kolleezje fan Harns wol dat ûndersocht wurdt oft dat helber is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)