Harns wol stroffelstiennen

22 nov 2011 - 20:26

Harns wol in betinkingsmonumint foar Joadske slachtoffers yn de Twadde Wrâldoarloch. It Sintraal Komitee 1945 en de Vereniging Oud Harlingen hawwe dêrfoar in bankrekkennûmer iepene. It plan is om net ien monumint op te rjochtsjen, mar in persoanlike betinkingsstien foar elk slachtoffer apart.

Der wennen foar de oarloch 46 Joaden yn Harns, mar yn 1943 wiene dy allegear troch de Dútsers ôffierd. Foar elk fan dizze slachtoffers wolle de inisjatyfnimmers in saneamde 'stroffelstien' pleatse. It plan kostet 5500 euro. Mei help fan de Harnzer befolking hopet men dat jild by elkoar te krijen. Yn in hiel Europa lizze no al 30 tûzen fan sokke stroffelstiennen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)