Harns wol noch trochgroeie

04 jul 2009 - 13:05

De stêd Harns wol ek yn de takomst noch flink trochgroeie. Dat sei wethâlder Zomers by it yn gebrûk nimmen fan de 7000ste wenning fan de stêd. Neffens Zomers is der noch romte foar 1500 nije wenten yn de kommende fyftjin jier.

De foarsizzings binne dat de befolking yn hiel Fryslân eins krimpe sil, mar Harns tinkt noch wol rekkenje te kinnen op nije ynwenners. Dy soene nei Harns komme foar de foarsjennings, de havens en it strân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)