Harns wol monuminten bewarje

23 jul 2011 - 13:57
  • It Havenmantsje yn Harns (foto: Omrop Fryslân)

Harns siket nije ideeën om monumintale eleminten te bewarjen. De stêd hat 513 ryksmonuminten, 89 gemeentlike monuminten en 400 byldbepalende gebouwen. It gemeentebestjoer wol no seker witte dat der neat oer de holle sjoen wurdt. Dêrom is der in priisfraach útskreaun foar nije ideeën.

Yn it ferline hat de gemeente bygelyks in regeling betocht om âlde reklameskilderingen wer yn eare te werstellen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)