Harns wol mear bedriuwen lûke

05 okt 2001 - 00:00

Fryske ûndernimmers dy't in bedriuw nei de haven fan Harns taprate, krije in presintsje fan 2500 gûne. As it om in bûtenlânsk bedriuw giet, wurdt sels it dûbele útkeard.

Yngenieur Graatsma koe op 'e ledegearkomste fan it VNO-NCW yn Harns meidiele dat it wurk oan de nije haven neffens skema ferrint. Dat jildt ek foar de ferkeap fan 50 bunder fabryksterrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)