Harns wol Jugendstil-pân behâlde

21 des 2000 - 18:16

It âlde buro fan de wetterplysje op de Willemskade yn Harns bliuwt behâlden. De gemeente wol it karakteristike pân oankeapje foar trije ton. It Jugendstilgebou is mear as 100 jier âld.

Boargemaster Arlman fan Harns sei dat it pân net sloopt wurdt. Op in gearkomste fan in riedskommisje wienen de measte fraksjes foar behâld en restauraasje fan it pân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)