Harns wol fan buorden ôf

01 aug 2009 - 09:58
  • Hieltyd minder romte foar fuotgongers

De gemeente Harns sil net langer tastean dat ûndernimmers reklamebuorden mear as in meter fan de winkel ôf sette. It rinpaad wurdt dan nammentlik blokkearre, benammen kuierders en handicapten ha dêr lêst fan.

Neffens de gemeente binne ûndernimmers net goed op de hichte fan de regels, dêrom krije se de kommende moanne earst in warskôging. As it guod dan noch net fuort is, wurdt it op kosten fan de eigner fuorthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)