'Harns as sintrum seeturbines'

12 jul 2007 - 12:11

Harns moat it sintrum wurde fan it ûnderhâld fan seewynmûnen. Dat wol direkteur Soet fan Windpowercentre. Boargemaster Scheffer fan Harns sloech tongersdei yn 'e yndustryhaven de earste peal fan it bedriuw.

It bedriuw hat twa bunder ta syn beskikking. Dêr komt in bedriuwshal dêr't wynturbines opknapt, ûnderhâlden en opslein wurde kinne. Soet ferwachtet dat op termyn tsientallen minsken by syn bedriuw wurkje sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)