Harns siket trochbraak

31 maaie 2013 - 12:51
  • Gemeente Harns

De gemeenteried fan Harns besiket in trochbraak foarelkoar te krijen op trije langrinnende dossiers: de plannen foar detailhannelsintrum Kimswerda, de takomst en de ynrjochting fan de iepenbiere romte fan wenwyk Ludinga en de festiging fan de Dekamarkt. Der lizze no trije moasjes wêryn't de oplossings sketsts wurde foar alle trije dossiers. Dy moasjes wurde troch de hiele gemeenteried stipe.

Der moat wol wat barre, want op 1 july ferrint in wichtige wetlike termyn foar it bestimmingsplan foar detailhannelssintrum Kimswerda.

De bewenners fan Ludinga wachtsje al lang op it ôfmeitsjen fan de iepenbiere romtes fan de wyk. Der binne al rjochtsaken oer de dossiers fierd en saneamde 'mediation' hat ek net holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)