Harns siket noch nei oarsaak wetterlek yn argyf

06 jul 2015 - 14:36
  • De argyfkelder yn it stedhûs fan Harns

De gemeente Harns hat noch hieltyd gjin idee wat it wetterlek yn de argyfkelder feroarsake hat. Dit wykein rûn de opslach ûnder wetter. Inkele dossiers dy't op 'e grûn stienen, hawwe wat wetterskea oprûn. De gemeente tocht dat in wetterlieding flakby it stedhûs knapt wie, mar der is oant no ta noch neat fûn. Dêrom sykje amters fan Harns no yn it argyf nei âlde boutekeningen om te sjen oft der noch in âlde wetterlieding of riolearringsbuis yn de grûn sit.

Troch it lek is de luchtfochtichheid yn de kelder hiel heech. Mei blazers en droechapparaten wurdt besocht dit nei ûnderen te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)