Harns rommet âlde grêven

14 maaie 2003 - 00:00

It âldste stik op it begraafplak fan Harns sil yn 2005 op 'e nij brûkt wurde. Takom wike begjint de gemeente mei it romjen fan de 1250 grêven fan minsken dy't begroeven binne tusken augustus 1843 en oktober 1874.

De gemeente rjochtet it terrein op 'e nij yn omdat der op oare plakken fan it begraafplak gjin romte mear is foar útwreiding. 80 fan de 400 grêfstiennen wurde op in oar plak op it hôf dellein, de rest ferdwynt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)