Harns praat wer oer Tall Ships

22 okt 2010 - 14:40

Der komt in ekstra riedsgearkomste yn Harns oer de Tall Ships' Race yn 2014. De opposysjepartijen hawwe om de gearkomste frege neidat it bedriuwslibben tongersdei mear as in ton beskikber stelde foar de race.

Woansdei stimden de koalysjepartijen tsjin in gemeentlike bydrage fan fjouwer ton omdat der tefolle ûndúdlikheid wie oer de kosten. De opposysje hopet dat de ried yn de ekstra gearkomste dochs noch foar it plan stimt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)