Harns praat net wer oer oven

20 jan 2010 - 22:13
  • De bou fan de oven is al hiel fier hinne.

De ried fan Harns nimt definityf gjin nij beslút oer de bou fan de ôffaloven. In mearderheid fan de gemeenteried fynt dat net needsaaklik.

Provinsjale steaten fregen de 28 gemeenten dy't oandielhâlder binne fan ôffalferwurker Omrin om nochris nei it beslút te sjen. Op de gearkomste woansdeitejûn kamen in lytse 100 tsjinstanners fan de ôffaloven ôf. Sy tochten dat de ried spesifyk oer it beslút prate soe, mar it CDA, PvdA en de VVD woene dat net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)