Harns: Parkearterrein Drijfhout bliuwt noch jier iepen

14 nov 2014 - 12:26
  • Harns

Parkearterrein Drijfhout yn Harns oan de Harnzerstrjitwei kin in jier langer brûkt wurde. Dêroer binne de eigener fan it parkearterrein en it kolleezje fan Harns it iens wurden. Dat befestiget in wurdfierder fan de gemeente. Der is noch gjin definityf beslút, want de gemeente wol earst om tafel mei de omwenjenden.

It parkearterrein wurdt no brûkt as der gjin plak is op de gewoane parkearterreinen. Earder woenen boargemaster en wethâlders parkearterrein Drijfhout slute en it grutte parkearterrein by de Tsjerk Hiddesslûs útwreidzje.

Foar tydlike ekstra kapasiteit wie in oare oplossing betocht, mar dêr wie de gemeenteried it net mei iens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)