Harns offisjeel finishplak fan de Tall Ships Races 2018

19 mrt 2015 - 15:23
  • It Russyske opliedingsskip Kruzenshtern ûnderweis op de Waadsee

Harns is tongersdei offisjeel oanwiisd as finishhaven fan The Tall Ships Races yn 2018. De float fan sylskippen komt freed 3 augustus fan dat jier oan. De hiele race wurdt dan de moandeis dêrop ek yn Harns ôfsletten.

De Tall Ships Races begjinne yn Sunderland op 11 july 2018 en geane dan fia Esbjerg en Stavanger nei Harns. De stêd wie ferline jier startplak foar de race fan de grutte sylskippen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)