'Harns moat bemiddeling hawwe'

08 sep 2011 - 12:00
  • Op stedhûs Harns is bemiddeling nedich (foto: Omrop Fryslân)

De gemeente Harns docht der goed oan in bemiddeler te sykjen foar de problemen. Dat seit bestjoerskundige Rieks Osinga fan de Thorbecke Akademie yn Ljouwert. Moandei waard bekend dat wethâlder De Boer opstapt. Hy koe net fierder mei de koälysjepartijen en mei it kolleezje.

Neffens De Boer binne de ferhâldings yn de gemeenteried goed ferkeard. Yn de riedsgearkomste joegen koälysje en opposysjepartijen elkoar en De Boer sels de skuld fan it opstappen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)