Harns moat akwadukt krije

01 mrt 2007 - 22:28

Der moat sa gau mooglik in 4-baans akwadukt komme ûnder Harns troch. Dat wol de steatefraksje fan it CDA.

De N31 rint no dwers troch Harns hinne en dielt de stêd yn twa-en. Boppedat is it stikje dyk yn Harns twabaans wylst de dyk bûten de stêd 4-baans is. By it ryk hat de oanpak fan de dyk gjin prioriteit. It CDA wol dêrom dat de provinsje it foar it akwadukt earst foarsjit en letter fan it ryk werom krijt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)