Harns: mear eveneminten 2014

18 mrt 2012 - 12:30
  •  Cuauthemoc

De organisaasje fan de Tall Ships Races 2014 yn Harns ropt de help fan it publyk yn om eveneminten om de sylraces hinne te betinken. Oer in jier moatte de draaiboeken foar de Tall Ships Races klear wêze.

It ynternasjonale sylevenemint moat goed 350.000 besikers lûke, mar om dy minsken dwaande te hâlden wol de organisaasje der in soad festiviteiten om hinne organisearje. En dêrfoar sykje se no de help fan it publyk. It evenemint duorret trije dagen. De ideeën dy't it bêste oanslute by de Tall Ships Races wurde útkeazen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)