Harns: mear dwaan oan toerisme

24 jun 2006 - 13:33

As Harns it tal wurkleazen werom bringe wol, dan moat it him folle mear rjochtsje op toerisme en kontenerferfier. De gemeente lit dêr no kânsen en dêrmei banen lizze. Dat sei ûndersiker Bart Witmond freed op it sympoasium 'Seeport Harns'.

Dat gong oer de haven en de útwreidingsmooglikheden. Dy binne der genôch, sa seit Witmond. Boargemaster Arlman wie ek op it sympoasium. It wie syn lêste dei as boargemaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)