Harns lulk op keatsbûn

01 jul 2007 - 18:11

Keatsferieniging Eendracht út Harns wol de kosten fan de ôflaste keatsparty ferhelje op it keatsbûn. Foarsitter Durk Hiemstra is lulk oer it ôflassen. Neffens him is it belachelik dat skiedsrjochter Peter de Bruin de wedstriid nei twa partijen staakte.

Earder op 'e dei waard de beslissing naam op de wedstriid te staken troch de skiedsrjochter yn oerlis mei foarsitter Hiemstra en terreinmaster.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)